Perikles, Prins fan Tyrus

Perikles, Prins fan Tyrus
algemiene gegevens
oarspr. titel Pericles, Prince of Tyre
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1607 of 1608
1e publikaasje 1609, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Pericles, Prins fan Tyrus
publikaasje 1976, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Perikles, Prins fan Tyrus, yn it oarspronklike Ingelsk: Pericles, Prince of Tyre, is in Ingelsk toanielstik út it begjin fan 'e santjinde iuw, dat alteast foar in part skreaun is troch de wiidferneamde skriuwer en dichter William Shakespeare. It fertelt it ferhaal fan Perikles, de regearjende prins fan 'e Fenisyske stêdsteat Tyrus, dy't leafde fynt en wer ferliest, mar dy úteinlik weromfynt. Moderne saakkundigen binne it deroer iens dat Shakespeare hast persiis de helte fan it stik skreaun hawwe moat (827 regels), wylst de earste beide akten (835 regels) it wurk binne fan in toanielskriuwer fan midsmjittich talint, wêrby't it beskikbere bewiismateriaal sterk yn 'e rjochting wiist fan 'e libbensmiddelsleveransier, sutelder en pamfletteskriuwer George Wilkins.

Perikles, Prins fan Tyrus is in komeedzje mei absurde ûntwikkelings yn 'e plot, dy't skreaun wêze moat yn 1607 of 1608. It stik waard foar de earste en iennichste kear publisearre (moderne útjeften bûten beskôging litten, fansels) yn 1609. Yn 'e mande mei De Twa Aadlike Neven en de beide ferlern giene stikken Kardenio en Leafde's Lêst Al Leanne wie Perikles ien fan 'e mar in pear akseptearre toanielstikken fan Shakepeare dy't ûntbrieken yn 'e gesachhawwende First Folio, út 1623, dêr't it wurk fan 'e grutte toanielskriuwer safolle mooglik yn samle waard. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search